Koersnota 2022

troch fraksjefoarsitter Geartsje Horjus

Algemiene beskôging – Koersnota 2022 (Nederlandse versie staat hieronder)

 

Achte foarsitter

De koersnota jout rjochting oan de noch op te stellen begrutting en is it moment foar de fraksjes om middels harren beskôging oan te jaan wat se fine fan de rjochting dy’t it kolleezje foar hat.

It ôfrûne jier wie in jier wêryn ús deistiche, fertroude libben der hiel oars útseach en we seachen út nei bettere tiden. We hoopten fan alles: foar úsels en ús gesinnen. Foar ús ynwenners dy’t mei iensumens te meitsjen krigen, foar bêrn dy’t net nei skoalle koenen,foar de  jongerein foar wa’t de wrâld hieltyd lietser waar.

We hoopten op bettere tiiden foar ús ûndernimmers, foar al dy ynwenners yn  de soarch, foar alle mantersoargers foar wa’t it hast net mear fol te hâlden wie. It wie in tiid fan oanpasje, mar ek fan nij elan en nije ynitiatieven.

Hoop, ik haw it wurd al in pear kear neamd, docht libjen. De ChristenUnie wol dan ek in pear hoopfolle keuzes meijaan.  

Foarearst: Omtinken foar de bloei fan de stêd en de doarpen

De ChristenUnie wol dat  eltsenien in hús, thús hat Der is in grutte behoefte oan wenten yn de stêd, mar ek yn de doarpen. It is goed dat der in ympuls komt foar it fersnellen fan it bouen fan wenten.

Ek de âlderein moat yn SWF op in weardiche wize âlder wurde. Mei passende wenromte yn in omjouwing dêr’t passende soarch joent wurde kin en wêr’t se op in feiliche wize in kuier meitsje en libje kinne. Generaasjes hawwe mekoar nedich en kinne mekoar de helpende hân biede.

Dêrom pleite wy foar in wize fan bouen en ynrjochting fan wenwyken dêr’t ynklusy it útgangspunt is. Wêr plak is foar starters, jonge gesinnen en âlderen.  Wêr wenningen komme dy’t geskikt en betelber binne foar de mienskip.

Fierder wol de ChristenUnie dat bêrn de romte krije om bûten te boartsjen.Yn eltse wyk of doarp moat dêr plak foar wêze yn de foarm fan in boarterstún of in oare foarm om bêrn te enthousiasmeren. It moat net allinne yn in nijbouwyk realisearre wurde, mar yn eltse wyk of doarp. It bûtenboartsjen is in wichtiche saak yn de sûnens fan ús bern. Is it kolleezje dêr mei iens en wolle se dat oerweachje?

No’t SWF maatskiplike ynstellingen sûnder winsteachmerk finansjeel wol ûndersteune, wolle wy stifting ‘Fier’ foardrache foar ekstra jild. Sy binne de ôfrûne jierren koarten yn harren subsydzje, mar binne wichtich yn de help foar de hjoeddeistiche minskenhandel. Op 22 juny 2021hat der in hiel stik yn de Ljouwerterkrante stien oer it prostitutiebelied. Is it kolleezje ré om hjir jild foar te reservearjen?

2. Omtinken foar mekoar

Yn SWF wurdt nei mekoar omsjoen. Yn dit jier fan de frijwillichers (2021) is it goed om te sizzen dat sy tige wichtich binne. Tûzenenen ynwenners, jong en âld, út ús gemeente sette harren yn as frijwillicher by sportferienings, organisaasjes of tsjerke. Tank oan al dy frijwillichers. Yn dit jier meie sy wol in plúmke fan ús hawwe, want se dogge in protte wurk. Hjirby tinke wy ek oan it tal mantelsoargers dy’t stadichoan groeit.

De ynset fan ‘Eigen krêft’ moat de basis wêze fan ús mienskip. We wolle helpe wêr’t dat nedich is, mar ek de eigen kreft oanmoedichje. De stipepunten moatte noch mear ûnder de oandacht brocht wurde, sadat it in leechdrempelige foarsjenning wurdt etsenien dy’t help nedich hat.

Op 2 july 2021 wie der in bernekonfereansje. De oanstelling fan in bêrneboargemaster is in stap yn de belutsenens fan bêrn en dêrmei ek de âlders.  

3. Omtinken foar de skepping

We genietsje folop fan wat de skepping ús jout en it is ús opdracht om foar dy skepping te soargjen. It ôfrûne jier hat de natuer ek in herwurdearing krigen. We makken faker in kuier, lutsen nei de natuer om op adem te kommen. En op dy natuer moatte we súnich wêze. Dêrom binne we bliid mei de bloeiende bermen en de oandacht foar biodiversiteit.

Ek de kommende tiid sil de enerzjytransisje heach op de agenda stean. Der komme ynnofatieve ynitiatieven fan ynwenners om ta duorseme enerzjy te kommen foar harren eigen doarp of wyk. Wy wolle dizze ynitiatieven ûndersteune. Yn de koersnota wurdt foarsteld om fan fossiel nei duorsum te gean troch yn te setten op aquathermie en wetterstof. Dochs der is  noch genôch plak foar  sinnepanielen. Ús fraach is oft wy de daken fan skoallen net foarsjen kinne fan sinnepanelen. De gemeente is ferantwurdlik foar de húsfesting fan skoallen en is op dizze wize in foarbyld. Ek de dakken fan ús mfc’s soenen fersjoen wurde kinne fan sinnepanelen.

Oft we bliid binne mei de skepping is it ek wichtich om de bewenners bewustwêzens by te bringen yn it skjin hâlden fan ús gemeente. Noch hieltyd lizze der fleskes, blikjes, papier en rommel yn de natuer. Gelokkich is der no stasjejild ynfierd foar lytse fleskes, mar der is folle mear. De ChristenUnie wol graach yn eltse wyk in team hawwe dy’t der op tasjocht dat it skjin bliuwt yn de wyk en meiinoar de hannen út de mouwen stekke wol om de boel op te romjen. Wy binne súnich op ús libbensomjouwing. De ChristenUnie wol harren ynsette foar dy bewustwêzens ûnder de ynwenners en wol benammen de skoallen stimulearje om it de bêrn te fertellen en harren te oerstjûgje fan in skjinne wrâld..

Ta slot

As rie sykje we meiinoar nei it bêste foar SWF, eltse fraksje hat harren eigen aksenten. De ChristenUnie jout aksinten yn it omtinken fan de bloei fan stêd en doarpen, omtinken foar mekoar, ek foar ús nije boargers en ta slot omtinken foar de skepping. Want alles wat omtinken krijt, sil groeie.

Wy tankje eltsenien yn dit hûs foar syn of har ynset foar SWF en winskje it kolleezje in protte wiisheid en boppenal Gods seine ta by it útfieren fan de plannen.

Dank je wol.

Geartsje Horjus-Vos,

fraksjefoarsitter ChristenUnie, SWF

_____________________________________

Nederlandse versie:

Algemene beschouwing – Koersnota 2022

Voorzitter,

Deze koersnota geeft richting aan de nog op te stellen begroting en is voor de fracties het moment om haar wensen naar voren te brengen.

Tijdens de afgelopen maanden is ons oude, vertrouwde leven qua invulling enorm veranderd en keken we uit naar betere tijden. Voor zowel jong als oud, v oor ondernemers en zorgmedewerkers die het moeilijk hadden. Corona is er nog steeds, maar we krijgen steeds meer grip op de situatie. We vertrouwen en hopen erop dat het herstel doorzet. Immers: hoop doet leven.

Vanuit die hoop wil de ChristenUnie drie onderwerpen naar voren brengen.

  1. Omtinken foar de stêden en doarpen yn ús gemeente.

Zoals menige fractie zal beamen is het fijn dat je een huis, thuis hebt. De woningnood is groot. Daarom is het ook goed dat er een versnelling in het bouwen van woningen.

Deze woningen zijn niet alleen voor starters of jonge gezinnen, maar ook voor onze ouderen. Ook zij hebben een thuis nodig waar zorg geleverd kan worden. Laten we bouwen, bouwen en bouwen!

Ook vragen wij aandacht voor het creëren van speeltuinen. Het is goed dat kinderen gestimuleerd worden om buiten te spelen. Dit geldt niet alleen voor nieuwbouwwijken, maar voor elk dorp of elke wijk van een stad.

Nu SWF de maatschappelijke instellingen zonder winstoogmerk financieel  wil ondersteunen, willen we stichting ‘Fier’ voordragen voor extra geld. De afgelopen jaren zijn zij in hun subsidie behoorlijk gekort. Echter ze zijn heel belangrijk in de hulp m.b.t. de moderne mensenhandel. Op 22 juni jl. heeft er een artikel in de Leeuwarder Courant gestaan. Is het college bereid om hiervoor geld te reserveren?

  1. Omtinken foar inoar

We geven om elkaar in SWF. In dit jaar, het jaar van de vrijwilligers, is het goed te vermelden dat zij heel belangrijk zijn Veel inwoners zijn als vrijwilliger betrokken bij sportverenigingen, organisaties of bij de kerk. Dank daarvoor. Zij hebben dit jaar wel een pluim verdiend. Ook het aantal mantelzorgers groeit gestaag en ook zij zijn zeer waardevol.

De inzet van ‘ Eigen kracht’ voor zover mogelijk is de basis voor onze ‘mienskip’. Hulp bieden waar nodig, maar ook de eigen kracht stimuleren. De ‘stipepunten’ moeten nog laagdrempeliger worden en meer onder de aandacht worden gebracht.

Op 2 juli jl. is er een kinderconferentie georganiseerd. De kinderen hadden geweldige ideeën, waaronder het buitenspelen, jezelf mogen zijn, op onze aarde passen, duurzaamheid, gezelligheid en samen dingen doen. Op deze manier worden kinderen bij de politiek betrokken en krijgen ze een stem waarnaar geluisterd wordt. De kinderburgemeester zou een geweldige aanvulling zijn.

  1. Omtinken foar de skepping

We genieten volop van wat de schepping ons biedt. De bloeiende bermen en een enorme biodiversiteit. We moeten zuinig zijn op de natuur.

De energiestrategie staat ook dit jaar hoog op de agenda. Er ontstaan initiatieven van onze inwoners om tot een duurzame vorm van energie te komen. De ChristenUnie wil deze initiatieven zoveel mogelijk ondersteunen. In de koersnota wordt voorgesteld om door middel van aquathermiek of waterstof de energiedoelen te halen. We moeten niet vergeten dat de windmolens en zonnepanelen ook hun bijdrage kunnen leveren. Er zijn nog genoeg daken waarop zonnepanelen geplaatst kunnen worden. Hierbij denken we aan de daken op mfc’s en schoolgebouwen.

Als we zo blij zijn met onze natuur is het ook belangrijk om deze schoon te houden. Nog steeds liggen er flesjes, blikjes, papier en rommel in de natuur. Door het invoeren van statiegeld op kleine flesjes hopen we dat er minder flesjes en plastic achtergelaten worden. Bewustwording is nodig. Samen zijn we sterk en voelen we ons verantwoordelijk voor de schepping en onze wijk.

  1. Samengevat

De ChristenUnie wil accenten op het gebied van:  de bloei in onze steden en dorpen; het oog hebben voor elkaar dus ook voor onze nieuwe Nederlanders; en de schepping. Want alles wat aandacht krijgt, groeit.

We danken iedereen die zich heeft ingezet bij het tot stand komen van deze koersnota en wensen het college veel wijsheid en bovenal Gods zegen toe bij de uitvoering van de plannen.

 

Geartsje Horjus-Vos,

ChristenUnie, SWF